Fakatuere: Undersiker histoaryske sosjolinguistyk (0,6 fte)
Yn dit ûndersyksprojekt wurdt de wikselwurking tusken standerdisearring en taalpolityk, letterkunde, leksikografy en identiteitsfoarming yn Fryslân (fan de 19e iuw oant en mei de hjoeddeiske situaasje) yn kaart brocht, yn ferlykjend perspektyf mei it Nederlânsk en mei oare minderheidstalen yn Europa.
Dit silst dwaan
Do giest oan de slach mei ferskate ûndersyksfragen, lykas:
- Hokker identiteitsklaims en dialektologyske foarûnderstellingen lizze te’n grûnslach oan dizze standerdisearringsprosessen?
- Hokker rol spylje én hawwe literatoaren en nasjonale bewegers spile yn de ûntwikkeling fan de standerttaal?
- Hoe ferhâlde top-down en bottom-up standerdisearring harren ta elkoar?
- Hoe wurdt mei it spanningsfjild tusken sprektaal en skriuwtaal, en mei fariaasje binnen de taal omgien?
Dizze ûndersyksfragen, dy't in kombinaasje fan metoaden út sawol de histoaryske sosjolinguistyk as de moderne kultuerskiednis freegje, reitsje oan tema’s lykas de Fryske identiteit, it ‘Geef-Frysk’ en de stavering fan it Frysk, dy't noch geregeld ta hjitte diskusjes liede.
As ûndersiker hâldst dy mei de folgjende saken dwaande:
- Terreinferkenning fan de Fryske kasus (literatuer- en boarnesamling).
- Ferkennen fan de brûkberens fan in histoarysk-taalsosjologyske taksonomy (ûntwikkele foar it Baskysk).
- Poerbêste kennis hat fan de standerdisearingsskiednis fan it Nederlânsk;
- In kongresbydrage oer de Fryske kasus.
- Co-auteurskip fan in publikaasje mei it ûndersyksteam.
- It tarieden fan in oanfraach oangeande de Fryske kasus foar it NWO-Talentprogramma Veni SGW 2026.
Dit bringst mei
Wy sykje in ûndersiker dy't:
- Promovearre is op it mêd fan de histoaryske sosjolinguistyk.
- Foldocht oan de kritearia foar it NWO-Talentprogramma Veni SGW 2026, û.o. promovearre yn 2023 of letter.
- Ynteresse hat foar de Fryske kasus.
- Iepenstiet foar in ynterdissiplinêre oanpak mei kultuerhistoarisy, sosjologen en taalkundigen.
- Beskikt oer in nasjonaal en ynternasjonaal ûndersyksnetwurk.
- Poerbêste kommunikative feardichheden hat.
Wat biede wy?
Wy biede in kontrakt oan fan beskate doer, fan 1 febrewaris oant en mei 31 augustus 2026, mei in omfang fan 0,6 fte (22,8 oeren/wyks). Ynskaling fynt plak konform wurkûnderfining yn UFO-profyl ûndersiker 3 yn skaal 11 fan de CAO Nederlandse Universiteiten.
Ynformaasje
Mear ynformaasje is te krijen by de projektlieder, dr. Simon Halink fia shalink@fryske-akademy.nl of tillefoanysk fia +316-20652719.
Sollisitaasjeproseduere
Dyn sollisitaasje (brief + cv) sjogge wy graach foar moandei 24 novimber yn 'e mjitte. Stjoer dyn brief nei de HR-adviseur fan de Fryske Akademy: wurkje@fryke-akademy.nl, mei as ûnderwerp fan de mail ûndersiker histoaryske sosjolinguistyk. Geskikte kandidaten wurde útnûge foar in (online) sollisitaasjepetear op woansdei 26 novimber.
Akwisysje nei oanlieding fan dizze advertinsje wurdt net op priis steld.