Skip to main content Skip to page footer

Pixabay, Striewa

Fakatuere: Postdoc foar projekt nei Frysk Geurerfguod (12 oeren wyks)

Hasto in noas foar wittenskip en affiniteit mei Fryslân? Lês dan foaral fierder. NL-Lab siket in ûndersiker (12 oeren) foar in projekt nei Frysk Geurerfguod, yn gearwurking mei it Meertens Instituut en de Fryske Akademy.

Dit silst dwaan

Do silst trans-dissiplinêr ûndersyk útfiere op it mêd fan sensoarysk erfgoed. Do wurdst in wichtige spil yn it ClickNL-projekt Een Neus voor Erfgoed: Creatieve Technieken voor Onderzoek naar en Representatie van Geurts erfgoed. Yn dit projekt, laat troch prof. dr. Inger Leemans, wurkje ûndersikers gear mei kreatyf ûntwerpers en parfumeurs om de geuren fan it Fryske plattelân te ûndersykjen en te represintearjen, en sa geur in dúdliker plak te jaan binnen erfgoedbelied. 

Do ûndersikest geurerfgoed fia ferskate metoades: histoarysk ûndersyk, taalkundich ûndersyk, citizen science en ‘noaswize’ analyzes. Je wurde oansteld by it Meertens Instituut en gastûndersiker by de Fryske Akademy dêr't je stipe wurde sille yn it ûndersyk nei histoaryske geurtaal, geurplakken en geurgebrûken yn Fryslân. Yn 'e mande mei in kreatyf ûntwerper en mei eksperts op it mêd fan ymmaterieel erfgoed setst in fragelist út en silst yn petear mei erfgoedmienskippen om kennis oer kultureel signifikante geuren te sammeljen. Je ynstruearje parfumeurs oer de rekonstruksje fan erfgoedgeuren. Do draachst aktyf by oan it ûntwerp fan in tentoanstelling dêr't de geuren op presintearre wurde kinne. Do publisearrest de befiningen.

Dit bringst mei 

Do hast in ôfrûne promoasje yn skiednis, letteren, erfguodstúdzjes, keunst/kultuerstúdzjes of in oare relevante dissipline. Kennis fan de Fryske Taal en Kultuer is in foardiel, lykas ûnderfining mei it wurkjen mei etnografyske metoaden. Do hast oantoanbere ûnderfining mei it bestudearjen fan (histoaryske) boarnen en/of enografyske metoaden, of do bist motivearre om dy feardichheden gau eigen te meitsjen. Hast affiniteit mei rûken. Do hast goede kommunikative feardichheden, wurkest graach gear yn in team en stietst iepen foar mei transdissiplinêre gearwurking. Do bist praktysk oanlein, kinst selsstannich wurkje en effektyf tawurkje nei konkrete resultaten.

Wat biede wy? 

In ynspirearjende funksje yn in motivearre en kollegiaal team dat him ynset foar eksellint ûndersyk en gearwurking oer de grinzen fan dissiplines. Do komst terjochte yn in wurkomjouwing dêr't romte is foar eigen inisjatyf, wittenskiplike kreativiteit en persoanlike ûntwikkeling. Do wurkest binnen in dynamyske akademyske omjouwing. Do krijst de kâns om by te dragen oan in eksperiminteel mar toanoanjouwend projekt, dat liede sil ta sawol wittenskiplike resultaten as publike oandacht.

Wolst mear witte? 

Nim kontakt op mei: 
Prof. Dr. Inger Leemans, Hoofd NL-Lab 
E-mail: inger.leemans@huc.knaw.nl 

Sollisitaasjeproseduere 

NL-Lab ûntfangt graach in brief en c.v. foar 21 novimber 2025. De petearen fine plak yn de earste wike fan desimber. Do krijst uterlik in wike yn it foar berjocht ofst útnûge wurdst foar in petear. 

Meertens Instituut

Het Meertens Instituut is in ûndersyksynstitút fan de KNAW, dat him rjochtet op de stúdzje en dokumintaasje fan Nederlânske taal en kultuer. It ynstitút ûndersiket de ferskynsels dy't it deistige libben yn ús maatskippij foarmjouwe. De kolleksjes fan it Meertens Ynstitút foarmje in wichtich ûnderdiel fan de nasjonale ynfrastruktuer foar geasteswittenskiplik ûndersyk. 

Arbeidsbetingsten 

It salaris is ôfhinklik fan oplieding en ûnderfining minimaal 4.728 en maksimaal 6.433 bruto yn 'e moanne by in full time tsjinstferbân (skaal 11 cao Nederlandse Universiteiten / KNAW). Dat is eksklusyf 8% fakânsjejild, 8,3% einjiersútkearing, reiskostefergoeding, ynternet- en thúswurkfergoeding en pensjoenopbou by it ABP. 

De KNAW biedt har meiwurkers in treflik pakket oan sekundêre arbeidsbetingsten. In pakket dat foarsjocht yn it ferskaat oan behoeften dat meiwurkers ôfhinklik fan harren libbensfaze, libbenswize of karriêreambysjes hawwe. Sa is it mooglik om troch alle wiken twa oeren yn'e wike ekstra te wurkjen om it tal fakânsjedagen fan 29 oant 41 dagen yn it jier (by fulltime tsjinstferbân) út te wreidzjen. 

Foar in folslein oersjoch fan 'e arbeidsbetingsten wurdt ferwiisd nei de webside: werken bij de KNAW. It oanfreegjen fan in VOG kin ûnderdiel útmeitsje fan de yntsjinsttredingsproseduere. 

Diversiteit & Ynklúzje

De KNAW achtet in wurkomjouwing dêr't elkenien him yn wolkom en wurdearre fielt fan grut belang. In wurkomjouwing dêr't omtinken yn is foar yndividuele kwaliteit en dêr't ûntwikkelmooglikheden foarop steane. Mei-inoar stribje wy nei in ynklusive kultuer dêr't wy ferskillen yn omearmje. Wy nûgje dan ek graach kandidaten út dy't troch harren eftergrûn en ûnderfining hjiroan in bydrage leverje wolle. By gelikense geskiktheid giet de foarkar út nei de kandidaat dy't it ferskaat binnen de KNAW op dy wize fersterket. 

Akwisysje nei oanlieding fan dizze advertinsje wurdt net op priis steld.