Skip to main content Skip to page footer

Fakatuere. Foto: Marieke Balk

Fakatuere: Lid Ried fan Tafersjoch

De Fryske Akademy is op syk nei in lid foar de Ried fan Tafersjoch. De kandidaat dy’t wy sykje hat romme ûnderfining mei brede bedriuwsfiering (finânsjes, HR, ICT, AI en cyber security). By foarkar hast dizze ûnderfining opdien binnen it bedriuwslibben. Do begrypst de kontekst wêryn't de Fryske Akademy operearret en foar hokker útdagings dizze relatyf lytse organisaasje stiet.

As persoan bist ferbinend, empatysk en analytysk. Do witst altyd it oersjoch te hâlden, sjochst de grutte linen, mar hast ek each foar details wannear't dat nedich is.

De werving en seleksje foar dizze fakatuere giet fia Talent Performance. De folsleine fakatueretekst stiet op de website fan Talent Performance.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei Laura Wilpstra of Annelize Wilpstra fan Talent Performance: 050 409 27 20. 

Oer de Fryske Akademy

De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. 

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is sûnt 1987 in ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator docht ferlykjend en tapast ûndersyk yn Europa op it mêd fan meartalich ûnderwiis, taalbelied en taalfitaliteit, en ferbynt dat mei maatskiplike fraachstikken yn Fryslân. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike ympakt en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. 

De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).