Efkes foarstelle: haadsprekker Alderik Blom (CFH2025)
Op woansdei 12 novimber is prof. dr. Alderik Blom útnûge as earste haadsprekker fan it kongres. Alderik H. Blom studearre skiednis, muzykwittenskip, keltology en âldgermanistyk yn Utert, Amsterdam en Galway. Fan 2002 oant 2010 wurke er oan de Universiteit fan Cambridge (M. Phil., Ph.D. en postdoc oan it Girton College), dêrnei oan de Universiteit fan Oxford: earst as postdoc oan it Corpus Christi College en fan 2013 ôf as Associate Professor of Celtic. Sûnt 2017 is er heechlearaar Keltysk yn de fakgroep Indogermanistyk oan de Philipps-Universität Marburg yn Dútslân.
Lêzing
De titel fan Bloms lêzing is ‘Hor c’heneiled vreizhat ~ Ús Bretonske freonen: Utwikselingen tusken de Fryske en Bretonske beweging, ca. 1946-1958’. Fanwegen it ynternasjonale karakter fan it kongres sil Blom syn lêzing yn it Ingelsk fersoargje. De gearfetting fan syn lêzing stjoerde er ús ek yn it Frysk ta:
Hor c’heneiled vreizhat ~ Ús Bretonske freonen: Utwikselingen tusken de Fryske en Bretonske beweging, ca. 1946-1958Yn juny 1948 publisearre it doe krekt oprjochte Fryske literêre tydskrift “De Tsjerne” in spesjaal temanûmer dat alhiel wijd wie oan de Bretonske minderheid yn Frankryk. Yn de tsien jier dy’t folgen waard Bretagne, mei syn taal en literatuer, sels ta in geregeld weromkommend tema yn “De Tsjerne” en oare Frysktalige tydskriften. Boppedat brocht op syn bar it toanoanjaande Bretonske tydskrift “Al Liamm” yn 1951 in soartgelikens temanûmer út, dit kear alhiel wijd oan Fryslân en syn taal, mei bydragen fan de wichtichste spilers yn de Fryske beweging fan dy tiid, oerset nei it Bretonsk. Ek “Al Liamm” bleau de kulturele ûntjouwingen yn Fryslân folgjen oant fier yn de sechstiger jierren.
Hoe is dizze kultureel fruchtbere mar sawat fergetten útwikseling ta stân kommen en mei hokker doel? Wa wiene de sintrale Bretonse en Fryske figueren yn dit besykjen om fuort nei de Twadde Wrâldoarloch taalminderheden yn Europa tichter byinoar te bringen? De kulturele en politike kontekst fan it nei-oarlochske Europeeske federalisme, it problematyske oarlochsferline fan de beide bewegingen en de persoanlike netwurken dy't de eftergrûn foarmen fan dizze Bretonske en Fryske útwikseling binne de sintrale kwestjes dy't yn dizze lêzing op it aljemint komme. Neist tiidskriftpublikaasjes yn sawol it Bretonsk as it Frysk, mar ek Frânsk en Nederlânsk, sil de net-publisearre briefkerij tusken de wichtichste figueren yn dizze Frysk-Bretonske útwikseling sintraal stean.
Mear oer Blom en de lêzing is te finen op de sprekkerspagina op de kongreswebsite.
Yn it koart
Wat: Conference on Frisian Humanities
Wêr: Oranje Hotel, Ljouwert/Leeuwarden
Wannear: 12-14 novimber 2025
Organisaasje: Fryske Akademy, Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Frisian Studies fan de Universiteit Grins en de ôfdieling Language, Technology and Culture fan UG/Campus Fryslân.
Folsleine programma: download (pdf)
Gearfettingeboek: download (pdf)
Registraasje: fia de website.