Conference on Frisian Humanities: fotoreportaazje online
Foto's
Us kollega Ydwine Scarse wie trije dagen oanwêzich om fan alle presintaasjes foto's te meitsjen. In moaie seleksje dêrút stiet no hjir op de konferinsje-website.
Organisaasje
It kongres, yn it Leonardo Oranje Hotel, waard organisearre troch Fryske Akademy, Ljouwert (NL), Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Ljouwert (NL), NHL Stenden University of Applied Sciences – Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid, Ljouwert (NL), Ryksuniversiteit Grins – Fryske taal en kultuer, Grins (NL), RuG/Campus Fryslân – Taal, Technology en Kultuer, Ljouwert (NL), Christian-Albrechts-Universität Kiel (DE), Europa-Universität Flensburg (DE), Nordfriisk Instituut (DE) en de Ostfriesische Landschaft (DE).
It folsleine programma is hjir noch te finen, it gearfettingeboek hjir. Sjoch ek ris op de website fan Conference on Frisian Humanities.
Yn 2028 wurdt wer in nije edysje organsiearre.