Akademydei 2025 op freed 12 septimber yn BOEL
It nije akademyske jier begjint foar de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûnderdiel fan is, mei de fiering fan de dies natalis, de dei fan de oprjochting fan it ynstitút. Alle jierren nûget de Fryske Akademy - op de freed fan, foar of nei de 10e septimber - de leden, stipers en relaasjes út om mei-inoar werom te sjen op it ôfrûne jier, mar foaral om mei-inoar foarút te sjen nei moaie gearwurkingen, projekten en wittenskiplike útdagings. Op de Akademydei wurde tradisjoneel de nije leden fan de Fryske Akademy beneamd.
2025
Dit jier is de Akademydei op freedtemiddei 12 septimber. As lokaasje foar it feest hawwe wy keazen foar BOEL (earder: Zalen Schaaf) yn it sintrum fan Ljouwert. Stie der foarhinne noch wolris in boksring ûnder de kroanljochter yn dit âlde teater, tsjintwurdich lizze yn dizze gesellige grutte seal ferskate jeu-de-boules-banen op de flier! Dat betsjut dat we tidens de buorrel, nei it offisjele gedeelte, in baltsje rôlje litte meie mei syn allen.
Elkenien is op 12 septimber fan 13:30 oere ôf fan herte wolkom yn BOEL yn Ljouwert, om mei ús te proasten, te praten en te jeu-de-boulen, mar ek om te harkjen nei nijsgjirrige sprekkers en yn ‘e kunde te kommen mei ús leden en stipers. It offisjele programma start om 14:00 oere en is, mei skoft, om 16:00 oere klear. Dêrnei is der alle gelegenheid om mei-inoar it glês te heffen en moaie petearen te fieren.
Programma
13:30 Ynrin
- Kofje/tee mei lekkers
14:00 Start programma
- Iepening troch prof.dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy;
- Jantine van der West, meiwurker Citizen Science en Kennisbenutting: ‘Citizen Science en wurkmienskip’;
- mini-kolleezje Han Nijdam (filmke), ‘Wat wie de rol fan de frou yn it Aldfryske rjocht’;
- Martine Jansen, ûndersyksmeiwurker Mercator, ‘Read with Multilingual Early Education’
- mini-kolleezje Anne Merkuur (filmke), ‘Feroaret it Frysk stadichoan yn it Nederlânsk?’
15:00: Skoft
15:15: Ferfolch programma
- Liuwe Westra, Beneaming fan nije Akademyleden;
- mini-kolleezje Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, ‘Sprutsen de fikingen ek Frysk?’
- Martijn Kingma, promovendus Taalwittenskip, ‘Perseptuele dialektology: Fryske aksinten op ’e kaart'.
16.00/16:05: Ofsluting
Hapke, drankje en jeu-de-boules
Oanmelde
Is net mear mooglik.
Foar yn it bûsboekje
Datum: Freed 12 septimber 2025
Lokaasje: BOEL (Zalen Schaaf), Ljouwert
Adres: Breedstraat 48, 8911 GJ Leeuwarden
Ynrin mei kofje/tee en lekkers: 13:30 oere
Oanfang programma: 14:00 oere
Oanmelde: Is net mear mooglik.
Parkeargaraazje: Hoeksterend (350 m.), Oosterstraat (650 m.), Oldehoofsterkerkhof (650 m.)
Bushalte: Wissesdwinger (linen 6, 62, 72, 73) / Noorderbrug (line 6) / Nieuwe Hoek (line 8) / Oosterkade (linen 3, 8, 9, 11, 13)
Graach oant sjen op freedtemiddei 12 septimber 2025 yn BOEL (Zalen Schaaf), Ljouwert!