Skip to main content Skip to page footer

Conference of Frisian Humanities

75 presintaasjes op it mêd fan de Frisistyk op de 3e Conference on Frisian Humanities

Hoe sit dat mei dy relaasjes tusken de Fryske en Bretonske skriuwers nei de Twadde Wrâldoarloch? Hoe kinne je meartalich ûnderwiis op in positive wize befoarderje mei meartalich wolwêzen? Wat binne de meast resinte ûntwikkelings op it mêd fan it ûndersyk nei it Aldfrysk of fan meartalige spraaktechnology? En hoe sit dat mei it brûken fan Frysk op social media en mei it 'mem'-en-'heit'-sizze yn stee fan do of jo?

Mei mar leafst 59 ûndersykslêzingen, 1 diskusjepanel en 16 posterpresintaasjes hat it trijejierlikse Conference on Frisian Humanities wer in fol en boeiend programma. Wittenskippers fan hjir, mar ek út Spanje, Dútslân, Noarwegen, Lúksemboarch en België, ferbûn oan mear as 35 Europeeske universiteiten en oare ûndersyksinstituten, reizgje fan 12 oant en mei 14 novimber nei Ljouwert ôf om diel te nimmen oan dit kongres mei it tema Brêgen en Grinzen: Fryslân yn mondiale kontekst.

It kongres, yn it Leonardo Oranje Hotel, wurdt organisearre troch Fryske Akademy, Ljouwert (NL), Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Ljouwert (NL), NHL Stenden University of Applied Sciences – Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid, Ljouwert (NL), Ryksuniversiteit Grins – Fryske taal en kultuer, Grins (NL), RuG/Campus Fryslân – Taal, Technology en Kultuer, Ljouwert (NL), Christian-Albrechts-Universität Kiel (DE), Europa-Universität Flensburg (DE), Nordfriisk Instituut (DE) en de Ostfriesische Landschaft (DE).

It folsleine programma is hjir te finen, it gearfettingeboek hjir.

Mear ynformaasje: Website Conference on Frisian Humanities