Eveneminten
NPLD General Assembly, Stockholm (SE) - besletten
It NPLD is in Europeesk netwurk dat him dwaande hâldt mei taalbelied en -planning foar konstitúsjonele, regionale en lytse talen yn hiel Europa. By de leden fan it NPLD hearre sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en ferienings. Yn 2023 waard Mercator ek frege om ta te treden oan it NPLD University Network (UniNet), in netwurk fan universiteiten en ûndersyksynstellings dy’t aktyf binne op it mêd fan nasjonale minderheden, meartaligens, minderheidstalen, taalrjochten, taalbelied en taalûnderwiis.
De NPLD General Assembly, dêr't alle partners gearkomme, is dit jier op 7 en 8 maaie yn Stockholm.
Lês mear oer it NPLD op de website fan it Network to Promote Linguistic Diversity.