Skip to main content Skip to page footer

Eveneminten

1st PLURILINGMEDIA General Conference: Media and Language Vitality, Warschau (PL)

Op 4 en 5 desimber is de earste PLURILINGMEDIA konferinsje oer it tema ‘Media and Language Vitality’ (Wurkgroep ‘Taalfitaliteit’). Dit evenemint wurdt organisearre yn Warschau (Poalen), it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) is ien fan de belutsen partners.

PLURILINGMEDIA is in Europeesk projekt (COST Action) dat ûndersikers, minsken út de praktyk en beliedsmakkers byinoar bringt om it ûndersyk nei media yn Europeeske regionale en minderheidstalen te fersterkjen en te befoarderjen. PLURILINGMEDIA wol de kleau tusken de akademyske wrâld en de mediapraktyk oerbrêgje troch ynterdissiplinêre dialooch en de kennisútwikseling te stimulearjen.

Mercator is frege om mei te praten yn twa fan de fjouwer ynternasjonale wurkgroepen: ‘Wetjouwing en konvinsjes' en ‘Taalfitaliteit’. Op 4 en 5 desimber is de earste PLURILINGMEDIA konferinsje, oer it tema ‘Media and Language Vitality’ (Wurkgroep ‘Taalfitaliteit’). Dit evenemint wurdt organisearre yn Warschau, by it Institute of Slavic Studies fan it Polish Academy of Sciences. Professor Elin Haf Gruffydd Jones is haadsprekker.

Mear ynformaasje op de konferinsjewebsite.