Nijsgjirrige blog post oer ús WikiWomen partner meeting yn Donostia

Fan 26 juny oant 1 july namen Fryske dosinten en dosintebegelieders - tegearre mei dosinten út Ierlân en Baskelân - diel oan in Wikipedia bootcamp. Dêr hawwe hja de feardichheden leard en it betrouwen krigen om thús harren learlingen (15 -18 jier) te stypjen yn harren (digitale) skriuwfeardigens, dy ’t de skoalbern aansens sels brûke kinne yn it ferrin fan dit projekt. Yn de maitiid fan 2023 (27-31 maart 2023) meie dizze jongeren nammentlik sels in Wikipedia bootcamp folgje yn Ierlân.

Oer ús besite oan Donostia/ San Sebastian hat ús kollega Galder Gonzalez fan de Baskyske Wikipedia mienskip in nijsgjirrich blog skreaun. It is yn it Baskysk, automatysk oersette kin fia jo eigen browser.

Jo kinne it hjir lêze: http://wikimedia.eus/2022/07/wikiemakumeak-erasmus-programan-irakasleentzako-ikastaroa-egin-dugu/