Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje.
Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Lêste nijs

nov

25

Yn dit ûndersyksprojekt nei teäter en festivals is Mercator (Fryske Akademy) assosjearre partner fan de universiteiten fan Grins, Falmouth en Tartu.

Mear lêze

okt

31

Us Mercator Network Newsletter #188 is út! Bliuw ek op 'e hichte fan it lêste nijs oer minderheidstalen, lykas 2600 oaren út de hiele wrâld.

Mear lêze

okt

30

Mercator (NL), the Endangered Languages Archive (DE), and CIDLeS (PT) cordially invite you to join the conference on Minority Languages in the City.

Mear lêze

sep

30

Us Mercator Network Newsletter #187 is út! Bliuw ek op 'e hichte fan it lêste nijs oer minderheidstalen, lykas 2600 oaren út de hiele wrâld.

Mear lêze

Sjoch mear nijsberjochten

Kalinder

dec

02

Dizze (online) lêzing makket diel út fan it Joint Seminar on Cross-Germanic Linguistics/ Séminaire Tournant de Linguistique Intergermanique.

Mear lêze

dec

16

The LANGSCAPE & ENROPE Online Colloquium will be a space for presenting and discussing on-going research and teaching projects related to plurilingualism and education.

Mear lêze

feb

27

LANGSCAPE & ENROPE, dêr ’t Mercator diel fan útmakket, nûgje begjinnende ûndersikers út om yn Berlyn meartalige ûnderwiispraktiken te ferkennen.

Mear lêze

maa

01

Sharing first versions of projects tools with the aim to gather feedback and encourage educators to make use of OWL+ tools (exact dates t.b.a.).

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten


Bedrige talen en argiven

Yn it projekt 'Endangered languages and archives' wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen. 

Dr. Tjeerd de Graaf is de projektlieder. Hy is senior ûndersiker by Mercator/ Fryske Akademy en bestjoerslid fan de Foundation for Endangered Languages en de Foundation for Siberian Cultures.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik akademysk ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. It giet dan om (bgl.) it plak fan autochtoane minderheidstalen binnen it ûnderwiissysteem dêr, it stimulearjen fan dosinten om wrâldboargerskip (ynklusyf meartaligens) yn harren lessen te yntegrearjen, it plak fan minderheidstalen yn de wetjouwing fan Europeeske lannen en Russyske republiken of it oanmoedigjen fan jonge minsken om harren feardigens op it gebiet fan minderheidstalen yn te setten by it sykjen nei wurk.

   

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes. De Mercator Regionale Dossiers bygelyks binne skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa. De Mercator Netwurk Nijsbrief - mei likernôch 2600 abonnees - bringt elke moanne nijs oer minderheidstalen en konferinsjes. Mercator skreaut ek undersyksrapporten, faak yn opdracht, en dy binne fergees te downloaden. De Mercator-biblioteek, dy't ûnderbrocht is by histoarysk sintrum en biblioteek Tresoar, omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

    

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

As ûndersyksynstitút makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartaligens. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mercator brûkt it eigen netwurk en dat fan oaren om ûndersikers en oaren yn 'e kunde komme te litten mei de twatalige mienskip dy't Fryslân is. Sa ûntfong Mercator de ôfrûne jierren yn Ljouwert ferskate ynternasjonale dosintengroepen út it primêr en fuortset ûnderwiis, mar ek ôffeardigen fan taalakademys fan oer de hiele wrâld en ûndersikers dy't stipe nedich hiene by harren ûndersyk nei meartaligens of nei Fryslân kamen foar ien fan de ferskate ynternasjonale konferinsjes dy't Mercator (mei)organisearre.