Skip to main content

Wiki on Minority Language Learning

De online Wiki on Minority Language Learning kompletearret de Regionale Dossiers fan it Mercator Europeesk Kennissintrum, en jout ynformaasje oer de edukaasje fan minderheidstalen dy't in lyts plak of hielendal gjin plak hawwe yn it nasjonale ûnderwiissysteem. Tegearre, de Regionale Dossiers en de Wiki bestrike hast 80 lytse talen yn Europa en dêrbûten.

De skriuwers fan de Wiki kinne regionale eksperts wêze, meartaligens-studinten of minderheidstalensprekkers. It doel fan de Wiki is it dielen fan kennis oer it ûnderwizen fan minderheidstalen en om minderheidstalen online mear sichtber te meitsjen. Yn twa opienfolgjende akademyske jierren wie der in gearwurking mei de Universiteit fan Grins en wurken de studinten fan de bachelor Minorities and Multilingualism en de master Multilingualism oan in opdracht foar dit projekt.

De Wiki on Minority Language Learning is te finen op wiki.mercator-research.eu.

Wiki on Minority Language Learning op 'e kaart

- kombinearre mei de Regionale Dossiers -

Wurkje mei, wurd ek skriuwer!

Eltse Wiki is altyd yn ûntwikkeling en iepen foar bydragen, en sa is it ek mei dizze Wiki. 

  • Hawwe jo de website besjoen en tinke jo dat er noch in minderheidstaal by moat, of dat bepaalde ynformaasje net folslein is? 
  • Hawwe jo in soad kennis oer de edukaasje fan in minderheidstaal, oer hoe't in plak te winnen is binne it formele ûnderwiissysteem, of oer inisjativen om minderheidstalen te ûnderwizen?
  • En binne jo ree om by te dragen oan Mercator's online Wiki on Minority Language Learning?

Lit it ús dan witte!

Aktiviteiten

Yn Desimber 2017, trettjin studinten fan de master Multilingualism fan de Universiteit fan Grins presintearre harren fact sheets oer minderheidstalen-edukaasje.
  • Septimber - desimber 2015: ûndersyk nei online boarnen om te bepalen wat de bêste manier is om de online beskikbere ynformaasje oer minderheidstalen oan te foljen. It diskusjestik dat dêr it resultaat fan wie, kinne jo hjir lêze;
  • Septimber - desimber 2015: it kiezen en ymplemintearjen fan in online platfoarm dêr't de ynformaasje oer minderheidstalenedukaasje op presintearre wurde kin: de Wiki;
  • 2016, 2017: definearjen fan in algemiene struktuer om de ynformaasje oer minderheidstalenedukaasje wer te jaan...
  • 2017 - ... : ... en dizze struktuer foarmet it startpunt foar de ûntwikkeling fan in Index for Minority Language Education. Dizze yndeks jout in fisuele ympresje fan hoe't in minderheidstaal in plak hat binnen in nasjonaal ûnderwiissyteem;
  • 2017 - ... : It sykjen fan skriuwers foar de Wiki en gearwurking mei de Bachelor Minorities and Multilingualism de de Master Multilingualism fan de Universiteit fan Grins: as opdracht kieze studinten in minderheidstaal dy't harren ynteressearje en skriuwe dêr in fact sheet oer;
  • 2020: analyze fan de ûntwikkelings fan it Mercator Wiki factsheet system.

Publikaasjes