Nij Regionaal Dossier: 'The Corsican language in education in France'

Korsikaansk is in Romaanske taal dy’t heart ta de Italo-Romaanske groep en is erkend as in regionale taal yn Frankryk troch it Ministearje fan Nasjonaal Underwiis sûnt 1974. Op it Frânske eilân Korsika sprekt rûchwei in kwart ta in tredde fan de befolking goed Korsikaansk, wylst mear as de helte de taal ferstiet.

Yn de rige 'Regional Dossiers' fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ferskynt no de tredde en folslein wersjoene edysje fan 'The Corsican language in education in France'. Dit dossier is, krekt as alle oare dossiers, fergees del te laden fan dizze website ôf.

De tredde edysje fan 'The Corsican language in education in France' is gearstald troch Jean-Marie Arrighi (Ajaccio, 1951). Arrighi is in âld-studint fan de École normale supérieure de Saint-Cloud en hat in agrégation yn de klassike talen. Fan 1989 oant 2016 beklaaide er de funksje fan akademyynspekteur - regionale pedagogyske ynspekteur (inspecteur d’académie – inspecteur pédagogique regional) belêste mei de Korsikaanske taal. Hy is de auteur fan ferskate wurken oer de Korsikaanske taal en skiednis, yn it bysûnder oer de 18e iuw en de Korsikaanske steat Paoli. 

 

Regionale Dossiers

Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêste struktuer, sadat se brûkber binne foar fergelykjend ûndersyk.

Sjoch foar mear ynformaasje op de Regionale Dossiers website.