Skip to main content

Mercator Network Nijsbrief

Hjir fine jo in oersjoch fan de lêste nijsbrieven fan it Mercator Network. Sûnt juny 2007 (nijsbrief #31) fersoarget it Mercator Kennissintrum yn Ljouwert de nijsbrieven fan dit Europeeske netwurk. De nijsbrieven op dizze side gean werom oant 2015 (#109).   

Yn de nijsbrieven fine jo ynformaasje oer de aktiviteiten fan it Mercator Network, oer edukaasje en beliedsferoaringen oangeande minderheidstalen yn Europa en fansels de ynteressante eveneminten foar professionals, lykas workshops en konferinsjes.

Ynskriuwe

Wolle jo ús Ingelsktalige nijsbrief eltse moanne yn jo digitale postbus ûntfange, stjoer dan dit berjochtsje nei de webredakteur fan it Mercator Kennissintrum: Ja, skriuw my yn!.

 

Diel jo nijs

Wy ferstjoere de nijsbrief eltse moanne nei mear as 2000 minsken út de hiele wrâld, ynklusyf in soad eksperts op it mêd fan meartaligens en edukaasje fan minderheidstalen. Sy binne allegear ynteressearre yn it lêste nijs oer ûntjouwings op minderheidstalengebiet. Hawwe jo nijs dat jo diele wolle mei harren? Stjoer jo Ingelsktalige berjocht dan nei de webredakteur. Pleatsing hinget ôf fan it ûnderwerp en de beskikbere romte. Jo bydrage mei net langer wêze as 150 wurden.