WikiWomen: Fryske dosinten nei Wikipedia Bootcamp yn Baskenlân

Yn it ramt fan it Erasmus+ projekt WikiWomen, dêr 't Mercator/ Fryske Akademy ien fan de partners yn is, set in groep Fryske dosinten en dosintebegelieders meikoarten ôf nei it Spaansk/ Baskyske San Sebastian (Donostia) foar in Wikipedia stúdzjewike. Fan 26 juny oant 1 july nimme sy - tegearre mei dosinten út Ierlân en Baskelân - diel oan in Wikipedia bootcamp. Dêr leare hja de feardichheden en it betrouwen om thús harren learlingen (15 -18 jier) te stypjen yn harren (digitale) skriuwfeardigens, dy ’t de skoalbern dêrnei sels brûke kinne yn it ferrin fan dit projekt. Yn de maitiid fan 2023 meie dizze jongeren nammentlik sels in Wikipedia bootcamp folgje yn Ierlân.

De stúdzjewike yn San Sebastian (Donostia) stelt ús as projektpartners ek yn steat om weardefolle ynsichten, feedback en ynput te krijen foar de ûntwikkeling fan in Toolkit foar skoallen en kulturele ynstellings as in projekt-resultaat. Oare partners yn it projekt binne Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje (AFÛK) (NL), Learning Hub Friesland (NL), Wikimedia Ireland (IE), Coláiste Oiriall (IE), Euskal Wikilarien Kultura (ES), Antigua-Luberri institute/ Gobierno Vasco (ES). 

Mear ynformaasje oer WikiWomen fine jo op de projektpagina WikiWomen.