Súd-Afrikaanske dosinten op wurkbesite by Mercator/ Fryske Akademy

Dosinten fan fjouwer ferskillende Súd-Afrikaanske universiteiten kamen op besite by de Fryske Akademy en Mercator om de útfiering fan meartalich belied yn it heger ûnderwiis te bepraten. It doel fan harren BAQONDE-projekt is om it brûken fan lânseigen Afrikaanske talen yn it heger ûnderwiis yn Súd-Afrika makliker te meitsjen. It wie in tige ynspirearjende middei.

Ydwine Scarse (Mercator / Fryske Akademy) joech in presintaasje oer it meartalige VirtuLApp projekt. Hindrik Sijens (Fryske Akademy) lei alle ins en outs fan de Frysker.nl wurdboek- en oersetwebside út. Zoha Bayat (Universiteit Utrecht / Fryske Akademy) presintearre de resultaten fan har ûndersyk nei de juridyske benadering fan it rjocht fan minderheden op ûnderwiis yn Fryslân.

Sjoch ek ris op de BAQONDE webside: https://baqonde.usal.es/