Learlingen Drachtster Lyceum by WikiWomen-workshop

As partner yn it ErasmusPlus projekt WikiWomen, krige it Mercator European Research Centre/ Fryske Akademy de eare om learlingen 5VWO fan it Drachtster Lyceum it ien en oar te fertellen oer argyfûndersyk en de betrouberens fan ûndersyksboarnen.

Yn histoarysk sintrum Tresoar krigen de learlingen hânfetten foar it sykjen en beoardieljen fan ynformaasje foar in biografy, útlis oer de histoaryske skatten dy’t yn Tresoar te finen binne en in rûnlieding troch de depots.

In sjoernalist fan de Ljouwerter Krante wie oanwêzich en makke dizze reportaazje.

Op 23 febrewaris organisearje Mercator / Fryske Akademy en Tresoar in soartgelikense workshop foar 5HAVO learlingen op it OSG Singelland yn Burgum.

It WikiWomen projekt is in Erasmus+ Programme (KA220 -SCH) en in gearwurking tusken Mercator European Research Centre / Fryske Akademy, Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje (AFÛK) (NL), Learning Hub Friesland (NL), Wikimedia Ireland (IE), Coláiste Oiriall (IE), Euskal Wikilarien Kultura (ES), Antigua-Luberri institute/ Gobierno Vasco (ES).

Mear oer dit projekt is te finen op de projektpagina.