Ierske film yn Slieker op Ynternasjonale Memmetaaldei

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris nûgje it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens/ Fryske Akademy en Slieker Film yn Ljouwert jo út foar de fertoaning fan de Iersktalige film An Cailín Ciúin (trailer).

 

An Cailín Ciúin

Caít (9) is in wat stil famke yn in grutte húshâlding, dêr't se net folle oandacht kriget. As har mem wer in lytse kriget, wurdt Caít ûnderbrocht by fiere famylje. Séan en Eibhlin Cinnsealach binne hiel aardich foar Caít en it famke bloeit op, mar dochs is der ek in gefoel fan driging...

 

Iersktalich sukses

It is in hertferwaarmjende film, mei in moai ferhaal en treflike aktearprestaasjes fan de haadrolspilers. 'An Cailín Ciúin' (it stille famke) is de earste spylfilm fan de regisseur Colm Bairead. Net allinne hat de film hiele goede kritiken krigen en folle sealen lutsen yn Ierlân, de film hat it ynternasjonaal ek goed dien. Sa wie it de earste Iersktalige film op de Berlinale en gie it fuortendaliks mei ien fan de bearen nei hûs. Boppedat is 'An Cailín Ciúin' ek de alderearste Iersktalige film dy't nominearre is foar in Oscar.

 

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de njoggende kear dat it EBLT en Mercator/ Fryske Akademy yn gearwurking mei Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje. Dat bart mei de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes dat taalferskaat en meartaligens yn it sintsje set.

De filmfertoaning is op tiisdei 21 febrewaris, om 20:00 oere yn Slieker Film, oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Der wurdt begûn mei in koarte yntroduksje fan de film. Losse kaarten binne te bestellen by Slieker foar €11,- fia https://sliekerfilm.nl/ .