"Accept all pupils as they are. Diversity!" troch Charlie Robinson-Jones

Nederlânske opliedingsynstituten foar dosinten (lykas PABO's) soene mear stribje moatte nei gearwurking mei meartalige skoallen, sadat leararen yn oplieding praktykûnderfining út de earste hân opdwaan kinne. Dat is ien fan de oanbefellings út it nije ûndersyk fan Mercator-ûndersiker Charlie Robinson-Jones.

Robinson-Jones die it ûndersyk foar it Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid fan de NHL Stenden University en wurke dêrfoar gear mei Joana Duarte en Mirjam Günther-van der Meij. Yn dizze lytsskalige ferkennende stúdzje wurdt neigien hoe 't oankommende leararen yn it basisûnderwiis a) oansjogge tsjin meartaligens yn it ûnderwiis yn it algemien, b) meartaligens yn it ûnderwiis ûnderfine as learaar yn oplieding, en c) de kennis en feardichheden ûnderfine dy 't hja yn de oplieding krigen hawwe en ûntwikkele.

Yn it artikel '"Accept all pupils as they are. Diversity!" - Pre-service primary teachers ’ views, experiences, knowledge, and skills of multilingualism in education’ beskriuwt Robinson-Jones hoe 't opfettingen oer meartaligens yn it ûnderwiis de praktyk yn de klasse beynfloedzje kinne. Ek beneamt er tekoartkommings fan de learare-oplieding yn it basisûnderwiis yn Nederlân oangeande it ûnderwerp meartaligens, en jout er suggestjes troch foarriedige oanrikkemedaasjes foar it ferbetterjen fan opliedingsprogramma's.

It artikel is publisearre yn it twajierlikse wittenskiplik tydskrift 'Sustainable Multilingualism'.