Skip to main content

Besite fan Noard-Fryske learkrêften oan Fryslân

CC BY-SA 4.0 - TittiNF

- This text is only in Frisian. For other languages, please translate the text by using your browser or click here -  

Op 19 en 20 novimber sille learkrêften út Noard-Fryslân (Dútslân), út ferskate nivo’s fan it ûnderwiis, in besite bringe oan de provinsje Fryslân. Cedin en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe dizze besite organisearre en in programma gearstald, rjochte op de útwikseling fan ekspertize en ynformaasje oer it Frysk yn it ûnderwiis. 

De learkrêften sille ûnder oare in besite bringe oan Cedin, Mercator/Fryske Akademy en in trijetalige skoalle. It plan is dat takom jier in tsjinbesite fan learkrêften út Fryslân oan Noard-Fryslân plakhawwe sil. De belutsen partijen hoopje yn de takomst op in mear strukturele gearwurking tusken de twa Fryslannen op de mêden ûnderwiis en wittenskip. 

It Frysk wurdt op it stuit yn de Noard-Fryske taalregio yn Dútslân op in tal skoallen oanbean as fak en op in oantal skoallen brûkt as ynstruksjetaal. Dochs hat bliken dien dat it ûntbrekt oan in systematyske tapassing fan de taal yn it ûnderwiis. Dêrneist is der in tekoart oan lesmateriaal, wat der foar soarget dat learkrêften gauris harren eigen materiaal meitsje moatte, of al besteand materiaal nei it Frysk oersette. Neist in tekoart oan systematyk en materiaal, is der in tekoart oan learkrêften yn it basis- en it middelber ûnderwiis. Dit hat ta gefolch dat it entûsjasme fan learkrêften Frysk yn Dútslân stadichoan minder wurdt. 

It inisjatyf is ek fan belang foar Fryske wittenskippers, om’t der in tekoart oan wittenskiplike kennis is oer it ûnderwiis yn de Noard-Fryske taalregio. Regelmjittich kontakt tusken learkrêften en wittenskippers út beide Fryslannen kin der foar soargje dat it entûsjasme foar it Frysk yn it ûnderwiis fersterke wurdt en dat der mei-inoar neitocht wurde kin oer de hjoeddeistige tûkelteammen.