Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Lansearring Massive Open Online Course Frysk

Op 14 april is in Massive Open Online Course – koartwei MOOC – oer de Fryske taal lansearre mei in feestlik barren yn it Talepaviljoen MeM yn ’e Prinsetún yn Ljouwert. De MOOC is fergees en is ûntwikkele troch de Afûk en de Fryske Akademy.

Mear lêze 

Mercators ûndersyk

Lês mear oer Mercators ûndersyksprojekten. Besjoch ek de nijste projekten: Holi-Frysk, Meer Kansen met Meertaligheid, LangUp and Critical Skills in Life and Work.

Mear lêze

De Mercator Regionale Dossiers

De Regionale Dossiers beskriuwe it ûnderwiis fan minderheidstalen yn meartalige regio's yn Europa en Ruslân. Sy wurde skreaun troch saakkundigen út hiel Europa. 

In oersjoch fan de Dossiers

Ekspertsdatabank

Mercators Ekspertsdatabank jout ynsjoch yn de kennis fan minderheidstalen dy't oanwêzich is yn Europa.

Besykje de databank

Endangered languages

Bedrige talen en argiven

Dit projekt besjocht kontakten tusken talen, taalferoaring en makket rekonstruksjes fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen.

Mear lêze

Kalinder

maa

22

Globalization has affected our world in countless ways. ICML XVII will address the challenges and opportunities of smaller languages such as minority languages in a globalized society.

Mear lêze

nov

14

International Conference on small languages in multilingual urban contexts.

Mear lêze

jun

27

Technologies for Minority Languages

On Wednesday 27 June 2018, the Campus Fryslân - University of Groningen and Mercator/ Fryske Akademy host a symposium about digital technologies for minority...

Mear lêze

jun

12

The COMBI project organizes a full-day conference with themes related to minority languages and health care.

 

Mear lêze

Mercator publisearret in nij regionaal taaldossier

 It Gaelic yn it ûnderwiis yn Skotlân, troch Boyd Robertson

Professor Boyd Robertson is haad fan de Sabhal Mòr Ostaig UHI (it nasjonaal sintrum foar Gaelic taal en kultuer). Hy skreau it orizjinele dossier oer it Gaelic al yn 2001, doe't hy noch wurksum wie foar de universiteit fan Strathclyde. Robertson hat in update makke fan it dossier yn 2017.

Laad hjir it nije (Ingelsktalige) dossier del: The Gaelic Language in Education in Scotland

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa.
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden.
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei mear as 2000 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten.
  • De Mercator-biblioteek omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.biblioteek 

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis::

  • Op dit stuit wurket Mercator oan in online wiki oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen.
Mercator's network in 2016

Minsken byinoar bringe

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.