maa
Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen
makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.
Utljochte
![]() |
16 maart: ENROPE webinarGraach nûgje wy jo út om diel te nimmen oan de troch ús organisearre ENROPE-webinar 'Towards plurilingual professional identities' op tiisdeitemiddei 16 maart. Sprekkers binne û.o. Dr. Gabriela Meier (Exeter), Prof. Dr. Joana Duarte (Ljouwert/ Grins), Dr. Sarah McMonagle (Hamburg) en Dr. Özlem Etus (Istanbul). Registrearje kin oant 10 maart, dielnamme is fergees. Mear ynformaasje |
![]() |
Mercator Network Nijsbrief #169De nije Mercator Network Nijsbrief Febrewaris 2021 is út! En dy stiet wer grôtfol nijs oer minderheidstalen, meartaligens, edukaasje en folle mear! Lês mear |
![]() |
Nij ûndersyksartikel oer foarsjennings foar it FryskHoe sjogge Frysk-sprekkers yn Fryslân de maatregelen dy't nommen wurde om harren taal te beskermjen en te promoatsjen? Lês it yn dit nije artikel fan Mercator-ûndersikers Helga Kuipers-Zandberg en Dr. Ruth Kircher. Mear lêze |
![]() |
Bedrige talen en argivenYn dit projekt wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen. Lês mear |
'The Sámi language in education in Sweden'

Fan it dossier oer 'The Sámi language in education in Sweden' is in nije, bywurke edysje ferskynd. Lieuwe Jan Hettema (Sámi allaskuvla / Sámi University of Applied Sciences, Guovdageaidnu) en Hanna Outakoski (Department of Language Studies at Ubmejen Universitiähta / Umeå University) hawwe it dossier op 'e nij besjoen en oanfold. It orizjinele dossier is gearstald troch Mikael Svonni yn 2001.
In oersjoch fan alle dossiers steane op ús spesjale Regional Dossiers-pagina.

Undersyk
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk.
Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:
- Hoe krije autochtoane minderheidstalen yn Europeeske regio's in plak binnen it ûnderwiissysteem dêr? (bgl. Regional Dossiers series);
- Hoe kinsto dosinten op middelbere skoallen stimulearje om de GCE doelen (ynklusyf meartaligens) yn harren daaglikse lessen op in duorsume manier te yntegrearjen, sadat it foar harrensels én foar harren learlingen motivearjend is? (bgl. Global Citizenship and Multilingual Competences Toolkit);
- Hokker plak hawwe minderheidstalen yn de wetjouwing fan Europeeske lannen en Russyske republieken, en hoe kin harren posysje ferbettere wurde? (bgl. it LEARNMe projekt troch it Mercator Network);
- Hoe kinst jonge minsken oanmoedigje om harren feardigens op it gebied fan minderheidstalen yn te setten by it sykjen nei wurk? (bgl. LangUp).

Disseminaasje
It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:
- De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa;
- Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden;
- Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei likernôch 2500 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten;
- De Mercator-biblioteek is ûnderbrocht by hystoarysk sintrum en biblioteek Tresoar en omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.
Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis:
- Op dit stuit wurket Mercator oan in online wiki oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen.

Ferbining sykje
Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:
- Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
- Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
- Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
- Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
- Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.
Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.