Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Mercators ûndersyk

Lês mear oer Mercators ûndersykprojekten. Besjoch ek de nijste projekten: Holi-Frysk, Meer Kansen met Meertaligheid, LangUp and Critical Skills.

Mear lêze

De Mercator Regionale Dossiers

De Regionale Dossiers beskriuwe it ûnderwiis fan minderheidstalen yn meartalige regio's yn Europa en Ruslân. Sy wurde skreaun troch saakkundigen út hiel Europa. 

In oersjoch fan de Dossiers

Ekspertsdatabank

Mercators Ekspertsdatabank jout ynsjoch yn de kennis fan minderheidstalen dy't oanwêzich is yn Europa.

Besykje de databank

Endangered languages

Bedrige talen en argiven

Dit projekt besjocht kontakten tusken talen, taalferoaring en makket rekonstruksjes fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen.

Mear lêze

Kalinder

apr

23

The first Frisian humanities conference will be from April 23-26, 2018, at "de Harmonie" in Ljouwert, the Netherlands. Call for papers deadline:...

Mear lêze

nov

08

2-Day conference on Multilingualism (COM2017) hosted by the University of Groningen on cognitive and educational aspects related to bilingualism and...

Mear lêze

okt

19

3-Day conference, hosted by CIDLeS in Alcanena, Portugal. The conference is a joint project of CiDLES, SOAS, Mercator and the FEL.

Mear lêze

okt

12

3-Day conference, hosted by Mercator Research Centre, in Ljouwert (NL) The conference is a product of the international Langscape Network.

Mear lêze

Mercator Netwurk Nijsbrief

Yn de nijsbrief fan it Mercator Netwurk stiet nijs oer minderheidstalen yn 'e wrâld, oer de aktiviteiten fan it Mercator Netwurk, en oer oankommende eveneminten op it mêd fan minderheidstalen yn Europa.

Op dit stuit hat de nijsbrief mear as 2000 abonnees.  As jo de nijsbrief ek graach krije wolle, dan kinne jo it formulier ûnderoan dizze side ynfolje of in e-mail stjoere.

Foar in list fan de nijsbrieven, klik hjirre

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa.
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden.
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei mear as 2000 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten.
  • De Mercator-biblioteek omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.biblioteek 

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis::

  • Op dit stuit wurket Mercator oan in online wiki oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen.
Mercator's network in 2016

Minsken byinoar bringe

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.