Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje.
Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Lêste nijs

jun

22

Yn ferskate publikaasjes jout Dr. Evelyn Bosma útlis oer bysûndere aspekten fan meartaligens yn it ûnderwiis.

Mear lêze

jun

20

Nederlânske opliedingsynstituten foar dosinten (lykas PABO's) soene mear stribje moatte nei gearwurking mei meartalige skoallen.

Mear lêze

jun

13

Y it ramt fan it Erasmus+ projekt WikiWomen, dêr 't Mercator/ Fryske Akademy ien fan de partners yn is, set in groep Fryske dosinten meikoarten ôf nei...

Mear lêze

jun

10

Dosinten fan fjouwer ferskillende Súd-Afrikaanske universiteiten kamen op besite by de Fryske Akademy en Mercator om de útfiering fan meartalich...

Mear lêze

Kalinder

jun

26

Euskal Wikilarien Kultura & Antigua-Luberri/ Gobierno Vasco, Mercator & the WikiWomen Consortium organise their first Edit-A-Thon for teachers!

Mear lêze

jul

01

GCMC's aim is to empower teachers of all subjects to integrate Global citizenship education (GCE) goals with a plurilingual approach into their regular teaching.

Mear lêze

aug

29

Mercator/ Fryske Akademy ûndersiker Ydwine Scarse presintearret 'The dynamics between recognition, policy and practice concerning West-Frisian in the Netherlands'

Mear lêze

sep

14

Mercator European Research Centre, Fryske Akademy, and 3 other partners invite you to join the discussion on 'Resilience in Frisian Humanities'.

Mear lêze

Bedrige talen en argiven

Yn it projekt 'Endangered languages and archives' wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen. 

Dr. Tjeerd de Graaf is de projektlieder. Hy is senior ûndersiker by Mercator/ Fryske Akademy en bestjoerslid fan de Foundation for Endangered Languages en de Foundation for Siberian Cultures.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik akademysk ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. It giet dan om (bgl.) de plak fan autochtoane minderheidstalen binnen it ûnderwiissysteem dêr, it stimulearjen fan dosinten om wrâldboargerskip (ynklusyf meartaligens) yn harren lessen te yntegrearjen, de plak fan minderheidstalen yn de wetjouwing fan Europeeske lannen en Russyske republieken of it oanmoedigjen fan jonge minsken om harren feardigens op it gebied fan minderheidstalen yn te setten by it sykjen nei wurk.

   

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes. De Mercator Regionale Dossiers bygelyks binne skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa. De Mercator Netwurk Nijsbrief - mei likernôch 2500 abonnees - bringt elke moanne nijs oer minderheidstalen en konferinsjes. Mercator skreaut ek undersyksrapporten, faak yn opdracht, en dy binne fergees te downloaden. De Mercator-biblioteek, dy't ûnderbrocht is by hystoarysk sintrum en biblioteek Tresoar, omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

    

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

As ûndersyksynstituut makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartaligens. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mercator brûkt it eigen netwurk en dat fan oaren om ûndersikers en oaren yn 'e kunde komme te litten mei de twatalige mienskip dy't Fryslân is. Sa ûntfong Mercator de ôfrûne jierren yn Ljouwert ferskate ynternasjonale dosintengroepen út it primêr en fuortset ûnderwiis, mar ek ôffeardigen fan taalakademys fan oer de hiele wrâld en ûndersikers dy't stipe nedich hiene by harren ûndersyk nei meartaligens of nei Fryslân kamen foar ien fan de ferskate ynternasjonale konferinsjes dy't Mercator (mei)organisearre.