Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Mercator Nijsbrief Juny #161 online

Mei wer in hiel soad nijs oer meartaligens en minderheidstalen!

Mear lêze


Oanfoljende dokumintaasje Hongaarsk yn Oekraïne

Taalbelied is altyd dynamysk. Sûnt de publikaasje fan ús Regional Dossier oer 'The Hungarian language in education in Ukraine' (2019) is alwer in soad bard.

Lês mear


Offisjeel en famyljetaalbelied yn Quebec

Tinke erfguodtalensprekkers oars as net-erfguodtalensprekkers, wannear't it giet om de meartalige opfoeding fan harren bern? Lês it yn dit nije artikel, dêr't ús ûndersiker Ruth Kircher ko-auteur fan is.

Lês mear


Bedrige talen en argiven

Yn dit projekt wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen.

Mear lêze


Kalinder

jun

29

ENROPE’s second Intensive Study Week is held in Paris, at the University Sorbonne Nouvelle.

Mear lêze

sep

28

Postponed to 26-28 May 2021. Organized by the University of Zadar, SOAS, Mercator European Research Centre and CIDLes.

Mear lêze

nov

23

ENROPE’s second Intensive Study Week is held online and is hosted by the University Sorbonne Nouvelle, Paris (FR).

Mear lêze

Twa regionale dossiers oer minderheidstalen!

 

Nij is it dossier oer 'The Ulster-Scots language in education in Northern Ireland'; fan it dossier oer 'The Slovene language in education in Italy (3rd ed.)' is no in bywurke ferzje ferskiend.

In oersjoch fan alle dossiers steane op ús spesjale Regional Dossiers-pagina.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa;
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden;
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei mear as 2000 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten;
  • De Mercator-biblioteek omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis:

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.