Skip to main content

Partners

Mercator Network

It langstrinnende partnerskip fan it Mercator Kennissintrum is dat mei it Mercator Network. Dit netwurk waard oprjochte yn 1987 en bestie yn die tiid út trije ynstituten: Mercator Education (de foarrinner fan it Mercator Kennissintrum), Mercator Legislation (by CIEMEN, Barcelona) en Mercator Media (by de Universiteit fan Aberystwyth, Wales).

Elts ynstitút lei de fokus op in oar aspekt fan meartaligens en de posysje fan minderheidstalen. It netwurk hat sûnt dy tiid ferskate foarmen hân en is stadichoan útwreide.

Ien fan de lêste grutte projekten mei-inoar wie LEARNMe (2013-2016) en dêroan hawwe meidien: 

SOAS World Languages Institute en CiDLeS

It Mercator Kennissintrum wurket al mear as tsien jier gear mei it SOAS World Languages Institute, dat diel útmakket fan de Universiteit fan Londen. Koartlyn hat ek it CIDLeS (Centro Interdisciplinar de Documentação Linguística e Social) út Minde, Portugal, him oansletten by dizze gearwurking.

Elts jier is ien fan de ynstituten de gasthear fan in ekspert-seminar. Sa kaam eltsenien yn desimber 2016 byinoar yn Ljouwert foar it seminar 'Language documentation, teaching materials and didactics' en waard yn oktober 2017 yn it Portugeeske Alcanena it seminar 'Communities in Control: Learning tools and strategies for multilingual endangered language communities' organisearre.

Yn 2018 komt eltsenien byinoar yn it Leibniz-Zentrum für Allgemeine Sprachwissenschaft yn Berlin foar de konferinsje Big Cities, Small Languages (14-16 november 2018). Jo binne ek fan herte wolkom.

Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)

It Mercator Kennissintrum is, fia de Fryske Akademy, lid fan de NPLD – Network to Promote Linguistic Diversity. It NPLD ferbynt nasjonale en regionale oerheden, universiteiten en ferieningen út Europa dy't harren dwaande hâlde mei taalbelied foar minderheidstalen. De foarsitter fan it NPLD foar de perioade 2017-2020 is Fryslâns kultuerdeputearre mefr. Sietske Poepjes.

It Mercator Kennissintrum is op dit stuit ien fan de seis leden yn it bestjoerskomitee fan de NPLD.

Federal Union of European Nationalities (FUEN)

De FUEN (Federal Union of European Nationalities) is de Europeeske koepelorganisaasje fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa. De FUEN is mear as 65 jier lyn oprjochte yn Paris en beskôget himsels as advokaat en maatskiplik fertsjinwurdiger fan Europeeske minderheden. FUEN telt likernôch 90 organisaasjes as leden.

By ferskate gelegenheden en projekten hawwe FUEN en it Mercator Kennissintrum gearwurke, lykas by The Safepack Initiative.

Ynternasjonale ûndersyksprojekten

It Mercator Kennissintrum is kontinu belutsen by ynternasjonale gearwurkingsprojekten. Yn de lêste jierren hat it Mercator Kennissintrum by sokke ûndersyksprojekten meastal de rol fan de koördinearjende partner op him nommen. Foarbylden fan ynternasjonale projekten mei meardere partners binne COMBI en Teaching in Diversity.

In oersjoch fan al ús projekten fine jo op ús Projektpagina.

Partners yn de regio

It Mercator Kennissintrum is grutsk op de goede relaasjes mei de partnerynstituten yn de regio. It sprekt fansels dat hjirta ek de provinsjale oerheid fan Fryslân heart, in wichtige finansjele stiper foar it Mercator Kennissintrum.

Yn de ôfrinnende jierren hat it Mercator Kennissintrum gearwurke mei of wurksemheden útfierd foar, ûnder mear,