Skip to main content

Fakatueres

Tankewol foar jo ynteresse om by it Mercator European Research Centre te wurkjen! Jo kinne ús fakatueres ek altyd fine op Fryske Akademy website.

Binne jo op syk nei mooglikheden foar in staazje? Nim dan kontakt op mei ús fia mercator@fryske-akademy.nl.

Op dit stuit hawwe wy ien fakatuere:

Fakatuere: Postdok ûndersiker Meartaligens en Taallearen

32 oeren / 0,842 fte

Download de fakatuere as pdf (FRL)(ENG)


De Fryske Akademy is in multydissiplinêr ynstitút foar de geastes- en sosjale wittenskippen, dat him rjochtet op de kasus Fryslân. De Akademy bestudearret prosessen yn it Frysk, meartaligens, skiednis en regionale identiteit yn no en it ferline. As sadanich docht de Fryske Akademy fûneminteel en fernijend ûndersyk mei in direkt maatskiplik nut. De Akademy leveret fernijende wittenskiplike prestaasjes en ûntwikkelet digitale ûndersyks- ynstruminten en kolleksjes, dêr 't er de Fryske kasus foar it regionale, lanlike en ynternasjonale fuotljocht bringt. Dêrby wurdt gearwurke mei ferskate nasjonale en ynternasjonale ynstituten.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is in ûnderdiel fan de Fryske Akademy. It is in platform foar minderheidstalen yn Europa en rjochtet him op opdwaan, fersprieding en tapassing fan kennis en docht dêrta ûndersyk, ûndernimt ferskate aktiviteiten en fiert projekten út.

De Fryske Akademy is lieard oan de Koninlkijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) yn Amsterdam.

 

By it Mercator Europeesk Kennissintrum is in fakatuere ûntstien foar de funksje fan in

Postdok ûndersiker Meartaligens en Taallearen

32 oeren / 0,842 fte


De suksesfolle kandidaat sil yn nauwe gearwurking mei oare ûndersikers en projektmeiwurkers fan Mercator Kennissintrum ûndersyk dwaan en opsette op it mêd fan de aktiviteiten en it ûndersyksfjild fan Mercator, sa as meartaligens, nije techniken, sosjale media, taal yn de soarch, migraasje, taalpolityk, taaldokumintaasje, ûnderwiis en taallearen

 

Funksje-ynhâld

  • Wittenskiplik ûndersyk, oanfoljend by de projekten dy’t útfierd wurde op it mêd fan meartaligens, lytse talen, ûnderwiis en taallearen;
  • Publisearjen fan ûndersyksrisseltaten;
  • Koördinearjen fan gearhingjende ûndersyksprojekten en bewekjen fan de fuortgong fan eigen ûndersyk;
  • Presintearjen fan resultaten op (bûtenlânske) wittenskiplike gearkomsten;
  • Inisjearen fan nije ûndersyksprojekten en it oanfreegjen fan Europeeske subsydzjes;
  • Bydrage oan de falorisaasje fan nije ûndersyk rissultaten.

 
Funksje-easken

  • In ôfrûne proefskrift op in ûndersyksfjild relevant ûnderwerp;
  • Byhearrend publikaasjedossier oerlizze kinne;
  • Dúdlik treflik skriuwe en kommunisearje kinne;
  • Eksellint Ingelsk; it Fryske yn ‘e macht hawwe of reewêze om it te learen;
  • Underfining mei wurkjen oan in wittenskiplik projekt yn in team;
  • Each hawwe foar gearwurking mei lyksoartige ûndersyksprojekten oan de Fryske Akademy en oare ynstituten;
  • Tige motivearre en inisjatyfryk om it wittenskiplik netwurk fierder út te bouwen.

 

Arbeidsbetingsten

Wy biede in oanstelling dy’t sa gau as mooglik yngiet en rint oant 31 desimber 2020. It lean is maks. € 4.852,- smoarch de moanne, ôfhinklik fan wurkûnderfining by in folsleine oanstelling fan 38 oeren (Ufo-profyl ûndersiker 3, skaal 11) en eksklusyf fakânsjejild en einjiersútkearing. Ynskaling is neffens cao-Nederlandse Universiteiten.

Fierder biede wy treflike ûndersyksfassiliteiten yn in stimulearjende omjouwing. It wurkplak is op de Fryske Akademy yn Ljouwert.

 

Ynljochtingen

Mear ynformaasje oer de funksje-ynhâld is te krijen by drs. Cor van der Meer, projektmanager Mercator. cvdmeer@fryske-akademy.nl – tel. 058 2343063.

Sjoch ek foar ynformaasje op www.fryske-akademy.nl en www.mercator-research.eu.

 

Sollisitaasje

Do kinst dyn sollisitaasje mei útwreide C.V. foar 28 jannewaris 2019 stjoere nei Jettina Valk, P&O-adviseur: wurkje@fryske-akademy.nl; û.f.f. ûndersiker Mercator.


Download de fakatuere as pdf (FRL)(ENG)