Skip to main content

Oer it Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum is ûnderdiel fan de Fryske Akademy, wêr't fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer plak fynt. De Akademy is liearre oan 'e Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) en makket ek diel út fan 'e ynstitute- en ûndersyksorganisaasje fan 'e KNAW. 

It Mercator Europeesk Kennissintrum makket diel út fan it Europeeske Mercator Network.

Missy

De missy fan it Mercator Europeesk Kennissintrum is it opdwaan en ynventarisearjen, it ûndersykjen en bestudearjen en it fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa, mar ymmigrantentalen en talen út lytse lannen binnen ek ûnderwerp fan ûndersyk.

It Mercator Europeesk Kennissintrum is fêstige yn de minderheidstalenprovinsje Fryslân. As ûndersyksynstituut makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartaligens. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mei oare wurden, it Mercator Europeesk Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa!

Histoarje

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen begûn yn 1987 as Mercator Education, ien fan de trije ynstituten fan it Mercator Network. It oprjochtsjen fan it Mercator Network wie in inisjatyf fan de Europeeske Kommisje en it direkte resultaat fan twa moasjes fan it Europeeske Parlemint: de ‘moasje Kuijpers’ (moasje oer talen en kultueren fan regionale en etnyske minderheden yn de Europeeske Mienskip) en de 'moasje Arfé'.

Yn de twa desennia dêrnei binne de wurksemheden fan it Mercator Network bekostige út Europeesk projektjild, dêrby stipe troch partnerorganisaasjes op it mêd fan regionale en minderheidstalen, lykas de Fryske Akademy. Yn 2006 einige dat projektprogramma en feroare de opset fan Mercator nei de foarm dy't wy no kinne: it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. Mercator ûntfangt in jierlikse subsydzje fan de provinsje Fryslân om in diel fan de deilikse aktiviteiten te bekostigjen. In grut part fan it wurk wurdt finansiere mei tiidlike projektjilden.

Produkten en tsjinsten

Foar wa't ynteressearre is yn minderheidstalen en edukaasje, hat Mercator in ferskaat oan produkten en tsjinsten: 

Aktiviteitenferslach

Yn in wiidweidich aktiviteitenferslach oer de jierren 2017, 2018, 2019 en 2020 sjocht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen werom op syn aktiviteiten. Mercator hat syn wurksemheden yndield yn  'produktgroepen' om sa foldwaan te kinnen oan de easken dy't steld wurde oan de saneamde boekjiersubsydzje fan de provinsje Fryslân. Foar de perioade 2017-2020 binne dizze sân produktgroepen hantearre: 1) Bibleteek en ynformaasje; 2) Netwurken; 3) Regionale Dossiers en Undersyk; 4) Kommunikaasje en publikaasjes; 5) Aktiviteiten; 6) Akwisysje; 7) Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT).
It Ingelsktalich aktiviteitenferslach 2017-2020 is beskikber as download.

Oer de ôfbyldingen op de thússide

Kaart fan Europa út de Atlas sive Cosmographicae

Dizze ôfbylding komt út de troch de Flaming Gerardus Mercator (1512 – 1594) makke 'Atlas sive Cosmographicae Meditationes de Fabrica Mundi et Fabrica Figura' (publisearre nei syn dea yn 1595). Gerardus Mercator wie in kartograaf, geograaf en kosmograaf. Hy ûntwikkele as earste in hoekgetroue kaartprojeksje, de Mercatorprojeksje.

 

De gearspraak fan de fûgels

Dizze ôfbylding is in skilderij fan de Perzyske Habiballah fan Sava en is makke tusken 1590 en 1610. De yllustraasje ferbyldet in foarstelling út in mystyk gedicht, Mantiq al-tair (Taal fan de fûgels), skreaun troch Farid al-Din 'Attar yn de tolfde iuw. De fûgels stean symboal foar yndividuele sielen op syk nei de simurgh (in mystyke fûgel dy't alle kennis hat). Se komme gear yn in idyllysk lânskip om harren pylgergong ûnder de lieding fan in hûpe (delstrutsen op in stien oan de rjochterkant fan de ôfbylding) te begjinnen. 

Boarne: Metropolitan Museum of Art.