Presintaasje fan Mercator-ûndersikers by NPLD's Netwurk Moarnsbrochje yn Brussel

Lykas alle jierren fiert it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) de Europeeske Dei fan de Talen op 26 septimber mei har netwurkbrochje. De edysje fan dit jier sil plakfine yn it regiokantoar fan de Balearen yn Brussel.

Dit jier binne ús (eardere) ûndersiker Helga Kuipers-Zandberg en Mercator-tiimleider Cor van der Meer útnûge om it rapport 'Accessibility for regional or minority languages to EU programmes' ta te ljochtsjen. Dit rapport út 2021 wie skreaun troch Kuipers-Zandberg en kollega-ûndersiker Anna Fardau Schukking, yn opdracht fan it NPLD. Kuipers en Van der Meer sille prate oer de wichtichste befinings fan dit rapport, dat wijd is oan in ûndersyk nei de wize wêrop't finansieringsmooglikheden foar minderheidstalen de ôfrûne jierren brûkt en tawiisd binne.

De regearingsleden fan NPLD, leden fan it Europeesk Parlemint, fertsjintwurdigers fan de Europeeske Kommisje en de Ried fan Europa, en de fertsjintwurdigers fan de NPLD-lidsteaten dêr’t minderheidstalen sprutsen wurde, binne foar dy fiering útnûge. It begjint om 9.30 oere mei in brochje en wurdt folge troch in debat.

Mear ynformaasje: https://www.npld.eu/our-event/networking-breakfast-2/