Nij Regionaal Dossier: 'Latgalian in education'

Alwer in nij Regionaal Dossier! 'The LATGALIAN language in education in Latvia' is no fergees del te laden fan dizze webside. It dossier waard koartlyn folslein bywurketroch Sanita Martena (Lazdiņa), Heiko F. Marten en Ilga Šuplinska, basearre op harren earste edysje fan it dossier út 2008/2009.

Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêste struktuer, sadat se brûkber binne foar fergelykjend ûndersyk.

Mear ynformaasje fine jo hjir: projektpagina Regionale Dossier