Fakatuere: Mercator siket in Postdok-ûndersiker Meartaligens en taallearen

Foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sykje wy in Postdok-ûndersiker Meartaligens en taallearen, 32 oeren wyks / 0.842 fte. Jo sille gearwurkje mei oare (junior- en senior-)ûndersikers fan it Mercator Kennissintrum, om ûndersyk op te setten en út te fieren binnen de Mercator-ûndersyksterreinen lykas: meartaligens, taalhâlding en ideologyen, sosjolinguïstyk, nije technologyen, migraasje, taalbelied, taaldokumintaasje, ûnderwiis, taaltransmisje en taallearen.

Binne jo promovearre op in ûnderwerp relatearre oan de ûndersykstema’s fan it Mercator Kennissintrum en hawwe jo ûnderfining mei it wurkjen yn in tiim oan wittenskiplike projekten? Wa wit is dit wat foar jo! De fakatuere is beskikber yn it Frysk en Ingelsk, reagearje kin oant 21 april 2023. 

Nei de fakatuere >>