Konferinsje: Bridging Global Citizenship and Multilingual Competences

Mercator (Fryske Akademy), de universiteiten fan Graz, Bologna en Newcastle, en NeoSmart Digital nûgje jo fan herte út foar harren konferinsje 'Bridging Global Citizenship and Multilingual Competences'. Dit wittenskiplike evenemint fynt plak op 1617 juny 2023 en wurdt organisearre yn it ramt fan it Erasmus+ projekt 'Global Citizenship and Multilingual Competences (GCMC)'.

It hat as doel om leararen, learare-oplieders, studinten, wittenskippers en ûndersikers mei-inoar yn kontakt te bringen om te presintearjen oer en kritysk te diskusjearjen oer ûnderwerpen dy’t in brêge slaan tusken mondiaal boargerskip en meartalige kompetinsjes yn ferskillende fakken en talen.

De Call for Papers foar de konferinsje stiet iepen. De organisaasje ferwolkommet bydragen dy't slane op, mar net beheind binne ta:

- Mondiaal boargerskipsûnderwiis
- Levensfeardichheden yn it ûnderwiis
- Transversale kompetinsjes
- Duorsume ûntwikkelingsdoelstellings fan UNESCO yn it ûnderwiis
- Meartaligens
- Meartalige kompetinsjes yn de klasse

De konferinsje fynt plak yn it Ynstitút foar Ingelske Studies op de kampus fan de Universiteit fan Graz. Dielname is fergees.

Alle ynformaasje oer it GCMC-projekt en de konferinsje is te finen op https://gcmc.global/conference.