2e Conference on Frisian Humanities: Taal-, meartaligens- en skiednisûndersyk yn Fryslân

Fan 14 oant en mei 16 septimber 2022 komme wittenskippers en beliedsmakkers út hiel Europa nei it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert foar de twadde edysje fan it Kongres fan de Fryske Geasteswittenskippen (Conference on Frisian Humanities). Op it kongres sille sy fertelle en diskusjearje oer harren ûndersiken op it mêd fan midsiuwske en moderne Fryske skiednis, taalkunde en letterkunde en oer meartaligens yn relaasje ta it ûnderwiis en yn oare Europeeske minderheidstalenregio’s. Yn it programma is ek in soad romte foar presintaasjes oer de progresje dy't boekt wurdt op it mêd fan taal- en spraaktechnologyske helpmiddels foar lytse talen. Alle ynformaasje oer it kongres en it programma is te finen op https://frisianhumanities.frl 

 

De organisaasje fan it Frisian Humanities kongres is dit jier yn hannen fan fiif kennisynstituten: Fryske Akademy, Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens, NHL Stenden Hegeskoalle (Lektoraat Meartaligens & Geletterdheid), Universiteit Grins (Fryske Taal- en Letterkunde) en RuG/Campus Fryslân (Taal, Technology en Kultuer).  

 

Tema ‘Fearkrêft’ 

It tema fan it kongres is ‘Fearkrêft’. It Frysk en de Fryske skiednis kent op ferskate mêden in grutte fearkrêft. Sa wiene de Friezen yn de midsiuwen by steat om har eigen bestjoer en eigen rjochtssysteem oerein te hâlden. De ferneamde Fryske Frijheid jildt as in prachtich foarbyld fan fearkrêft. Mar men kin ek tinke oan de 19e iuw, doe’t de Romantyk en de Fryske Beweging opkamen yn de kontekst fan it nije Keninkryk der Nederlannen. Dy ûntwikkelings ha in soad betsjutten foar de komst fan in standertgrammatika, de stúdzje nei de Fryske taal en foar de Fryske literatuer. Fearkrêft fan it Frysk is ek hjoed-de-dei in wichtich tema. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld?  

 

Haadsprekkers 

As haadsprekkers binne ûndersikers útnûge dy’t eksperts binne yn harren fakgebiet. Barbara Gross (Free University Bozen-Bolzano, Itaalje / Goethe-University Frankfurt, Dútslân) fertelt oer de taalkundige en kulturele diversiteit yn Súd-Tirol. Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität Kiel, Dútslân) lit foarbylden sjen út syn ûndersyk nei it Fryske bynwurdsysteem. Joep Leerssen (University of Amsterdam/ Maastricht University) hâldt in lêzing oer minderheidstalen by de opkomst en ûndergong fan de Iepenbierheid (ek: Öffentlichkeit/ Public Sphere) en Odette Scharenborg (Delft University of Technology) hâldt in lêzing oer ynklusive spraak-werkenning (dus sûnder diskriminaasje fan bgl. minsken mei in regionaal aksint). 

 

Bysûndere programmaûnderdielen 

It kongres bestiet út mear as 65 lêzings yn plenêre en parallelle sesjes. Ek sille studinten út Grins en Ljouwert harren ûndersiken taljochtsje mei grutte ûndersyksposters. Bysûnder is de presintaasje fan Liuwe Westra's biografy fan de eardere  heechlearaar Frysk Tony Feitsma. Op de woansdeitemiddei fan it kongres nimt Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. (Arno) Brok it earste eksimplaar yn ûntfangst. 

 

Mear ynformaasje

It folsleine programma, de gearfettingen van de lêzings en de ynformaasje oer it registrearjen foar tagong binne te finen op https://frisianhumanities.frl/.