Skip to main content

Filmfertoaning Memmetaaldei (Ljouwert, NL)

It Europeesk Buro foar Lytse Talen en it Mercator Europeesk Kennissintrum organisearje in middei mei wer in tal tige bysûndere films yn it ramt fan de jierlikse Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes.

It is alwer de sânde kear dat it EBLT, yn gearwurking mei Slieker Film, films yn in minderheidstaal presintearret foar de Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes. Op dizze dei freget Unesco omtinken foar de universele wearde fan de memmetaal en op it rjocht fan wrâldboargers om ûnderwiis yn harren eigen taal te krijen.

Wy presintearje dizze kear in trijetal priiswinnende koarte films yn it Frysk, it Baskysk en it Griko, de Gryske fariant dy’t yn Súd-Italië sprutsen wurdt. 
 

Bûtendyk 

Wy binne grutsk dat wy de koarte film Bûtendyk fan Geertrui en Sjoukje Visser fertoane kinne. De film giet oer harren heit Tsjerk Visser (91) út Wierum, dy’t noch eltse wike op it fissersskip fan syn soan de see op giet. De film wûn yn novimber de priis foar bêste amateurfilm fan de Noorderkroonkompetysje fan it Noordelijk Film Festival.
 

Anti

As twadde litte we de koarte Baskyske spylfilm Anti fan regisseur Josu Martinez sjen. De film spilet oan de ein fan de Earste Wrâldkriich yn Frânsk-Baskelân. It giet oer de skoalbern yn it plakje Bizkarsoro yn de Pyreneeën, dy’t fan de skoaljuf út it fiere Parys gjin Baskysk prate meie. Wa’t dat dochs docht, krijt in estafette-balk mei de tekst “Anti” (koart foar Anti-Bask) om de nekke, oant dat in oar bern ‘betrape’ wurdt op it praten fan Euskara. Wa’t de Anti oan ‘e ein fan de dei om hat krijt straf. It giet om in ridlik wrede ûnderwiispraktyk dy’t noch mar hûndert jier lyn rûnom yn Europa tapast waard om bern it praten fan de minderheidstaal te ûntmoedigjen of sels ôf te learen. De film Anti wurdt fertoand mei Fryske ûndertitels.
 

Evó ce Esú

As tredde litte we de Italiaanske dokumintêre Evó ce Esú (Do en ik) sjen. It is it ferhaal fan de Griko-minderheid yn Puglia, de hakke fan Itaalje, fan binnenút. De Griko’s stamme ôf fan âld-Grykse kolonisten. Oant fier yn de foarige iuw wie it Griko foar harren de taal fan it deistich libben. Mar doe kaam de moderne tiid mei auto’s en televyzje, de krimp op it plattelân en begûn it jongfolk fuort te lûken nei Noard-Italië of Switserlân foar stúdzje, wurk en wolfeart. It Griko is wat langer en mear de taal fan de âlderein, de tradysjes en it dûnsjen en sjongen. Mar is dat wol genôch om it Griko oerlibje te litten? Evó ce Esú wurdt fertoand mei ûndertitels yn it Ingelsk.

 

De fertoaning start om 16.00 oere op 21 febrewaris by Slieker Film yn Ljouwert. Ynrin fan 15.45 oere ôf.