Skip to main content

Korrespondinsje-adres
Tjeerd de Graaf
Goudsbloemweg 9
9765 HP Paterswolde
The Netherlands

Telefoan
050-309 22 18

Mail
tdegraaf@fryske-akademy.nl

Undersyksoutput
pure.knaw.nl

LinkedIn
linkedin.com/pub/tjeerd-de-graaf/10/43/990

Graaf, dr. T. (Tseard) de

gastûndersiker (senior research fellow)

Korrespondinsje-adres
Tjeerd de Graaf
Goudsbloemweg 9
9765 HP Paterswolde
The Netherlands

Telefoan
050-309 22 18

Mail
tdegraaf@fryske-akademy.nl

Undersyksoutput
pure.knaw.nl

LinkedIn
linkedin.com/pub/tjeerd-de-graaf/10/43/990

Spesjalismen

etnolinguistyk; fonetyk; ûndersyk nei bedrige talen; minderheden yn 'e Russyske Federaasje

 

Projekten

Endangered Languages (senior research fellow)

 

Biografy

Tjeerd de Graaf (Ljouwert, 1938) hat in master yn linguistyk (Slavyske Talen, kompjûterlinguistyk). Yn 1969 is er op in proefskrift oer teoretyske natuerkunde promovearre. Tusken 1975 en 2003 wie er dosint fonetyk oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr’t er him spesjalisearre hat yn de fonetyske aspekten fan etnolinguistyk.

Syn earste fjildwurkreis hat er yn 1990 makke, mei in Japanske ekspedysje nei de minderheden fan Sachalin. Sûnt wurket er mei oan ferskate ûndersyksprojekten op it mêd fan bedrige talen en it gebrûk fan lûdsargiven, oangeande Russyske minderheden; dêrby wurket er gear mei Russyske en Japanske kollega’s. De measte fan dy ûndersyksprojekten ha finansjele stipe krigen fan de Europeeske Uny en NWO. In 1998 hat De Graaf foar syn wurk op it mêd fan etnolinguistyk in earedoktoraat fan de universiteit fan Sint Petersburch krigen.

Sûnt 2003 is De Graaf seniorûndersiker by Mercator Kennissintrum. Hy is ek bestjoerslid fan de Foundation for Endangered Languages en de Foundation for Siberian Cultures en helpt UNESCO mei syn wurk op it stik fan bedrige talen. Hy hat yn 2003 in semester lang gastdosint west oan de universiteit fan Sint Petersburch en yn 2004 en 2005 wie er gastûndersiker oan it Slavysk Undersykssintrum fan de universiteit fan Hokkaido (Japan). Sûnt 2006 wurde guon fan syn programma’s finansjeel stipe troch it Endangered Archives Programme fan de British Library.

Download de curriculum vitae fan Tseard de Graaf (pdf-dokumint).