Biografy
Jan Ybema (Warkum, 1991) studearre Fryske Taal en Kultuer (BA), Modern History and International Relations (ReMa) en Midden-Eastenstúdzjes (MA) oan de Ryksuniversiteit Grins (RuG). Oan de ôfdieling Frysk fan de RuG wie er studint-assistint by heechlearaar Goffe Jensma en droech er by oan de ûntwikkeling fan it kurrikulum foar de oplieding Minorities and Multilingualism.
Syn masterskripsje wie in mûnlinge skiednis fan de Fryske suvel, 1950-1980, as ûnderdiel fan in ûndersyksprojekt oan de Fryske Akademy. It is presintearre op in Sieperda Sympoasium (2016). Foar Midden-Eastenstúdzjes skrea er, nei in staazje yn East-Jeruzalem, in skripsje oer de joadske sosjalist en zionist Sam de Wolff út Snits. Sûnt 2017 hat er as sjoernalist wurke foar it Friesch Dagblad. Hy is de skriuwer fan Een kleine geschiedenis van Friesland voor dummies (2017).
By it Mercator European Research Centre wurket er as ûndersyksmeiwurker by it projekt Global Citizenship en as redakteur fan de regionale dossiers.
Publikaasjes
Ybema, J., ‘Arabische beeldvorming van het zionisme: Abdelwahab Elmessiri’, ZemZem. Tijdschrift over het Midden-Oosten, Noord-Afrika en islam 12 no. 1 (2016) 33-42.
Ybema, J., ‘Trochleare en omstean leare. Yndividu en modernisearring yn de Fryske suvel (1955-1980)’, De Vrije Fries 96 (2016) 177-198.
Ybema, J., Een kleine geschiedenis van Friesland voor dummies (Amersfoort: BBNC uitgeverij 2017).
Ybema, J., ‘Herdenken: een ritueel en een streven’, in: Marleen Dohle en Peter Vroege (eindred.), Sprekende stenen. Stolpersteine in de Schilderswijk Groningen (Assen: Uitgeverij Koninklijke Van Gorcum 2021) 246-247.
Ybema, K, J. Ybema en R. Veeningen, Van melkrijder tot fabrieksdirecteur. Persoonlijke verhalen over het werken in de Friese zuivel (1955-1980) (Leeuwarden: Het Nieuwe Kanaal 2018).
Artikels
Jan skreau ek (net-akademyske) artikels foar literêr tydskrift Ensafh en Sirkwy, it online platfoarm foar Fryske literatuer.