
Skoallennetwurk: Network of Schools
Network of Schools is in netwurk fan meartalige skoallen yn minderheidstalenregio's yn Europa. It is in platfoarm foar it útwikseljen fan ynformaasje tusken ûnderwiiskundigen. Alle skoallen dy't meidogge binne fêstige yn in regio wêr't in minderheidstaal sprutsen wurdt njonken de nasjonale taal. Dizze skoallen meitsje aktyf gebrûk fan de minderheidstaal yn it deilikse ûnderwiis.
It netwurk is bedoeld foar alle skoallen yn it beuker-, basis- en middelber ûnderwiis. Troch it kontakt te befoarderjen tusken de ferskate skoallen en harren learlingen, mar ek troch it opstarten fan projekten mei-inoar, kinne netwurkleden direkt fan inoar leare. Op dit stuit bestiet it Network of Schools út likernôch 90 skoallen út mear as 30 ferskillende taalmienskippen yn Europa.
Gean nei www.networkofschools.eu foar mear ynformaasje.