FY
NL
EN
Jo binne hjir: Oer Mercator → Skiednis

Skiednis fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (foarhinne Mercator Education) is yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje, om temjitte te kommen oan de groeiende belangstelling foar (autochtoane) minderheidstalen en regionale talen yn Europa en de needsaak foar minderheidstaalgebieten om nderfinings t te wikseljen en gear te wurkjen yn in Europeeske kontekst. It is oan de systematyske oanpak fan it Mercator Kennissintrum te tankjen dat de beskikberens fan ynformaasje oer minderheidstalen en de twiksel fan dyselde ynformaasje sterk ferbettere is.

Gerardus Mercator 1512-1594

Gerardus Mercator wie in geograaf, kartograaf en wiskundige dyt berne is yn Flanders. Hy is bekend wurden troch syn kartografyske technyk, dyt syn namme krigen hat namentlik: Mercator-projeksje. De kwaliteit fan syn kaarten wie sa goed, dat se noch troch generaasjes fan kartografen kopieard waarden.

Gerard Mercator wurdt sjoen as de betinker fan de hjoeddeistige kartografy. Syn bertenamme is Gerhard Kremer. Troch syn rol yn de skiednis fan de kartografy, wurd hy fergelike mei Ptolemy, de eartiidse wittenskipper t Alexandri yn Egypte. Mercator is berne yn Rupelmonde yn Flanders en hat geografy, kartografy en wiskunde studearre oan de universiteit fan Leuven (Louvain) yn Belgi. Hy publisearre syn earste kaart; dy fan Palestina yn 1537, doet er 25 jier ld wie. Tusken 1537 en 1540 brocht hy Flanders yn kaart. Yn 1538 publisearre hy syn earste wrldkaart, dyt basearre wie op de Ptolemy kaart. De kaarten fan Ptolemy wienen yn de tsjustere midsieuwen yn Europa ferlern gien. Mar mei tank oan Arabyske wittenskippers wienen in oantal kaarten fan Ptolemy bewarre bleaun en werom brocht nei Europa yn de Renaissance perioade.

Yn 1552 ferhuze Gerardius Mercator nei Duisburch om religieuze ferfolging foar te kommen. Drnei makke hy yn 1554 in kaart mei seis panielen fan Europa. Yn 1568 brkte Mercator in nije manier fan kartografy troch op in kaart mei parallelle linen de breedtegraad en lingtegraad oan te jaan. Dizze nije technyk is einliks net tfn troch Mercator, mar hy wie de earste kartograaf dyt hjir gebrk fan makke. De Mercator-projeksje wie in grutte foartgong foar navigaasje op see. It neidiel fan dizze technyk wie dat de ferhlding fan grutte hjirtroch t ferbn helle waard. Hoe tichter in gebiet by ien fan de poalen siet, hoe grutter it delset waard op de kaart. Grienln waard hjirtroch 16 kear grutter oanjn op de kaart as it yn wurklikheid is. Mercator syn belangrykste wurk, in t trije dielen besteande wrldatlas, waard publisearre yn ferskate edysjes fanf 1585 en oant nei syn ferstjerren yn 1594. Mercator wie doe de earste dyt gebrk makke fan it wurd atlas. Yn 1604 publisearre in oare ferneamde kartograaf Jodocus Hondius noch mear edysjes, nei dat hy de orizjinele kaarten fan Mercator yn syn besit krigen hie. De dropfolgjende generaasje kaartmakkers kopiearden min of te mear fan Mercator syn wrldatlas.